Arjen Witteveen (1894-1952)
     
     

 
 
 
 

     
    Fergetten Friezen: Arjen Witteveen

    Der binne mannich Friezen dy't troch de tiid hinne yn it ferjithoekje bedarre binne, mar dat net fertsjinje. De redaksje wol dizze minsken yn eare herstelle mei in eigen rubryk. Dizze kear is oan bar Arjen Witteveen.
    Troch: Tsjomme Dijkstra

    Arjen Witteveen waard berne op 8 septimber 1894 yn Aldegea. Hy is yn syn libben benammen ferneamd wurden troch syn wurk as arsjitekt. Witteveen wie in foarfjochter fan fernijing fan de Fryske boerepleats yn oansluting op de tradisjonele bouwize en hy hat in soad ûntwerpen makke foar pleatsen. Dy pleatsen hat er hjir en dêr ek delsette kind yn it Fryske lânskip. Syn reputaasje hat er net allinnich mei it ûntwerpen opboud, mar ek trochdat er syn ideeën yn talleaze artikels en boeken presintearre hat, lykas yn it boek Fryske boukinst en hwat der mei mank is (1948). Wat er dêryn ûnder mear faak besocht út te lizzen, wie wêrom't pleatsen mei binhuzen yn de moderne tiid neffens him praktysker (en moaier) wienen om yn te wenjen as de yn syn tiid noch altyd populêrdere stjelp. Hy presintearre syn befiningen oer boukeunst ek op lêzingen, tentoanstellingen en fergaderingen en joech letter advizen oan de gemeenterie fan Ljouwert (doe't er dêr weneftich wie).
    Witteveen hat net allinnich pleatsen yn skets brocht; yn Ljouwert hat er ûnder mear grutte huzen ûntwurpen oan de Harnserstrjitwei en de Mr. P. J. Troelstrawei. Dêrneist is it ûntwerp fan it monumint yn Warns fan syn hân en hat er it Roomske tsjerkje fan Sleat boud. Witteveen wie, mei J. van Beers, de arsjitekt fan de Dominicustsjerke oan de Harnserstrjitwei yn Ljouwert en it earste plan foar de Roomske tsjerke by Huzum yn Ljouwert (de Johannes de Dopertsjerke) hat boumaster H.P.J. de Vries mooglik feroare op basis fan oanwizingen fan Witteveen.

    Der waard fan de pleatsen fan Witteveen faak sein dat dy sa'n bysûnder Frysk karakter hienen, wêrby't miskien wol de fraach steld wurde moat wat der 'typysk Frysk' wêze kin oan de foarm fan in pleats.

    Mar Witteveen hat yn syn libben foar mear belangryk west as foar de boukeunst. Hy hat yn syn libben ek in soad tiid en krêft jûn oan ûnderskate organisaasjes op it mêd fan Fryske kultuer en beweging. Hy hat yn it bestjoer sitten fan it wykblêd Frysk en Frij, yn de rie fan de Fryske Beweging, lykas ek yn de Fryske kultuerried, de Fryske boukring en yn it bûn fan Fryske keunstners. It aktyfst wied er foar it Roomsk Frysk Boun. Witteveen stoar yn 1952 nei in koart sykbêd. In pear dagen foar syn dea hie er noch in lêzing jûn. Halbe Sikke Doele skreau yn syn 'in memoriam' yn De Stiennen Man oer Witteveen: 'Yn alles foel by him de ienfâldige bining fan 'e oertsjûge Fries, de nommele minske en de romme Roomsk-katholike kristen op'. Witteveen wie in man fan 'leafde út begjinsel en aard, syn hiele libben'. En 'it wie in genot en foarrjocht om yn syn bysûndere húshâlding te fertoevjen'. 

    Sûnt 1969 bestiet it Arjen Witteveen-Fûns dat ta doel hat it befoarderjen fan it gebrûk fan de Fryske taal op kultureel, godstsjinstich, maatskiplik en tsjerklik terrein yn de romste sin fan it wurd. Fanwege it libbenslang krewearjen foar it Frysk troch Arjen Witteveen, hat it AWF syn namme krigen. Yn de akte fan oprjochting yn 1969 stiet dat it Roomsk Frysk Boun f. 5.000,00 ornearre hat. Letter is der in skinking kommen.
     

     

    www.arjenwitteveenfuns.nl   sjoch fierder