Jierferslach 2024
It bestjoer fan it Arjen Witteveenfûns bestietyn 2024 út de folgjende fiif persoanen:
· Ingrid Fischer (foarsitter)
· Sicco Rypma (skriuwer)
· Yeb Andela (ponghâlder)
· Willem van der Meer
· Kobe Flapper.
It bestjoer kaam yn 2024, lykas yn de foargeande jierren, twa kear byinoar, yn april en yn oktober.
Der wiene mei-inoar goed 20 oanfragen. It grutste part dêrfan koe op in lytse bydrage rekkenje.
Der binne in pear kritearia dy’t by ús foarkar hawwe, te witten: oanfragen moatte it Frysk tsjinje en lytsskalich fan opset wêze, omdat ús budzjet beheind is.
Gauris hat in oanfraach foar in projekt foar bern foarkar, bygelyks it BerneIepenloftSpul (BIS).
Yn 2024 hawwe wy bygelyks stipe jûn oan:
· Siedkerlen, Gerben Rypma Stichting.
· De Koffer, Stichting Samar
· Pippi, Berne Iepenloftspul.
· It Lustrumboek (100 jier) fan studinteferiening Bernlef
· Berne-iepenloftspul Lytse Pier
Wy hawwe mei-inoar foar in lytse €4000 oan de ferskate doelen tasein.